Oerset yn it frysk en spile troch Anneke Hondema, Titia Huisman en Wybe Koldyk.
It is in tige humoristysk twalûk oer froulju dy’t werom- en foarút sjogge op harren relaasje.

Sneon 28 jannewaris 2023 om 20:00 oere yn De Buorkerij yn Terherne:
Plak besprekke: [email protected] of M: 06-31219549
Yntree: €17,95.

Yn diel ien (H)EKSEN riede twa froulju harren yn in hotelkeamer ta op in taspraak, dy’t se hâlde sille op de brulloft fan harren eks-man: De froulju binne nammentlik allebeide de eks fan deselde man, dy’t no op’e nij trouwe sil.

Yn diel twa MYN MAN sitte twa froulju op in waarme neimiddei wyn te drinken yn de tún. Se prate oer harren man sa’t allinne froulju dat kinne. Mar mei de man derby wurde de ferhâldingen op skerp steld. Troch it fernyn en de humor wurdt de betizing folslein.