Dit jier bestiet Toanielferiening Mei Inoar Ien 125 jier.

Op sneon 16 febrewaris spilet toanielferiening “Mei Inoar Ien” om 20:00 oere in De Buorkerij it premiêre stik Lige as in Wachter. Skreaun troch Bernd Gombold en oerset troch Gurbe Dijkstra. It stik spylet him ôf yn in lyts plattelâns stedsje wer’t in boargemaster it eltsenien nei de sin meitsje moat, mar dat falt net ta, in brutale boade, syn sekretaresse, in licht leauwige winkelfrou, ymport bewenners, gjin mar troch, sy meitsje it him ôfgryslik swier. Ús regisseur Gauke vd Mei hat de regie yn hannen, en hat wer allegear moaie typkes der fan makke, dus jimme kinne jimme de bûsen útskourre.