In tragi-komeedzje yn 2 bedriuwen.
Kaarten kunnen worden besteld bij bakker Boonstra in Akkrum en eventueel bij Foekje Postma 0566-689045.
De intree is € 10,00 inclusief een bakje koffie/thee. Graag de corona-check laten zien bij de ingang.
Oer it stik:
Fjouwer jier lyn hat it Akkrumer Dream Theater it stik ‘MUTSEN’ foar it fuotljocht brocht. ‘MUTSEN’, skreaun troch Christa Warmerdam, giet oer 5 suskes dy’t elts jier in wykeintsje mei elkoar op fakânsje gean. As se wer in wykein mei elkoar op paad binne komt de 6e suster, dy’t jierren net mei west hat, foar it ljocht. Dit jout in protte argewaasje, mar fansels komt it op’t ein allegear wer goed.
Yn it winterskoft fan 2018-2019 binne de froulju al ymprovisearjend oan’t wurk gien ûnder lieding fan harren regisseuze Margreet Boer. Dit foarme it ramtwurk foar it stik ‘DOAZEN’, wat skreaun is troch spylster Anneke Wiersma. Yn 2020 hat ‘DOAZEN’ al twaris spiele yn de Buorkerij, en wiene de foarstellingen beide kearen útferkocht.
Yn ‘DOAZEN’ sjogge we hoe’t it de 6 suskes fierder fergiet. Wat hawwe se by’t ein? Binne de ferhâldingen noch hieltiid goed? Wat binne harren plannen en dreamen? Der is fansels wer in protte te dwaan ûnderling, mar dat kin fansels ek net oars mei 6 hiel ferskillende froulju……. We sjogge it ‘gewoane’ deistige famylje-libben yn al syn fasetten: âld sear, ôfgeunst, wille, leafde, proaste, mar boppe alles soarch foar en ferbûnens mei elkoar.
Hoewol ‘DOAZEN’ it ferfolch is op ‘MUTSEN’ kinne je de stikken los fan elkoar sjen!